'Boustop paviljoen oerdreaun'

18 sep 2009 - 12:08
  • De bou fan it paviljoen leit stil

De gemeente Lemsterlân fynt de boustop foar it strânpaviljoen by de Iselmardyk op 'e Lemmer oerdreaun. It Wetterskip Fryslân lei de maatregel tongersdei op om't it benaud is dat de feiligens fan de seedyk yn gefaar komt. Neffens de gemeente is der in ferskil fan ynsjoch tusken beide partijen oer de wize fan fûndearjen.

Wethâlder Wesselius wol gau om tafel om ta in oplossing te kommen, sadat de bou fan it strânpaviljoen by Lemmer takom wike al wer los kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)