Boustop foar ferpleechhûs

19 sep 2007 - 11:33
  • In ferpleechhûs en laad- en losdoarren: dat giet net tegearre
  • Komme der noch wer boufakkers, of slopers?

De problemen mei in nij ferpleechhûs achter de Albert Heijn yn Sint Anne binne fierder tanommen. De Raad van State hat definityf besletten dat de gemeente grutte flaters makke hat by it tastean fan de bou. De gemeente hat net genôch rekken hâlden mei it leven as der laad en lost wurdt. Ek ferdwine der tefolle parkearplakken.

Soarchgroep Noorderbeedte en It Bilt ha teloarsteld reageard. Mooglik moat de nijbou no ôfbrutsen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)