Boustakers yn finansjele need

18 apr 2002 - 00:00

Hieltyd mear stakers yn de bou komme yn finansjele need. Benammen foar dejingen út Ljouwert, Grins en Assen wurdt it hieltyd dreger om de holle boppe wetter te hâlden. Stakers krije likernôch 70 persint fan harren lean.

Tongersdei melden in pear tûzen stakers harren by iisstadion Thialf. Trije boubedriuwen yn Ljouwert hawwe yntusken in cao ôfsluten mei harren wurknimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)