Bouskoalle yn 2013 boud

05 apr 2012 - 22:57

De noch te bouwen bouskoalle op It Hearrenfean komt op it terrein fan it eardere jongereinstinrum Sfinks oan de Rottumerwei. De gemeente Hearrenfean hat de grûn dêrfoar beskikber steld. Op dit stuit wurdt de grûn brûkt as skatepark. Hjir sil yn oerlis mei de jongerein in nij plak foar socht wurde.

Yn 2011 wie in oar bouplak oanwiisd foar de bouskoalle, mar dizze wie úteinlik te lyts. De nije lokaasje moat grut genôch wêze. Yn 2013 wurdt úteinset mei de bou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)