Bouprojekten soberder útfiere

17 jun 2010 - 12:42
  • Lytsskalich nijbouprojekt fan Thús Wonen yn Aldwâld

Wenningkorporaasje Thús Wonen yn Dokkum moat bouprojekten yn Noardeast-Fryslân mooglik soberder útfiere of sels stil lizze. De oarsaak is dat de korporaasje hast twa miljoen it jier minder útjaan kin. It Ryk easket elk jier oardel miljoen oan belesting en Thús Wonen moat ek 4 ton meibetelje oan it opknappen fan de saneamde Vogelaarwiken yn Nederlân.

Ek moat Thús Wonen rekken hâlde mei it feroarjende wenferlet fan minsken en de fergrizing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)