Bouprojekt Eastersee begûn

20 nov 2005 - 15:07

Yn Eastersee is sneon begûn mei in grutte opknapbeurt fan it terrein fan it âld suvelfabryk. De kommende jierren wurde dêr 50 nije wenten en in supermerk boud, it fyts- en kuierpaad wurdt opknapt en der komt in nije jachthaven.

Pleatslik Belang en de gemeente Lemsterlân ha tolve jier praat oer de opknapbeurt. Yn april wurdt begûn mei de bou fan de wenten. Oer in jier moatte de earste minsken der wenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)