Boumerk mei yn túnsintrum

20 aug 2009 - 17:00

Op de ûnderste ferdjipping fan Bos Tuin en Dier op It Hearrenfean mei in boumerk komme. Dat hawwe boargemaster en wethâlders fan It Hearrenfean besletten. It gebou fan it túnsintrum is te grut, en de eigner woe dêr in oare winkel yn hawwe. In boumerk oan dy kant fan It Fean hie de foarkar fan it kolleezje, mar net ien fan de besteande boumerken wol dêrhinne ferhúzje. Hokker selsdochsaak der no yn komt, is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)