Boumateriaal op spoar by Snits

12 mrt 2004 - 00:00

It treinferkear tusken Ljouwert en Snits hat tongersdeitejûn in oere stillein. De stoptrein fan Ljouwert nei Starum botste tsjin achten by Snits-Noard op boumaterialen dy't op de rails leinen. It giet om steigerbuizen en betonblokken.

Nei alle gedachten komt it boumateriaal fan it plak dêr't in tunnel ûnder it spoar makke wurdt. Der waarden bussen ynset. Persoanlike ûngemakken wiene der net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)