Bouma wint WK Highland Games

30 jun 2014 - 11:16
  • Pieter Karst Bouma wrâldkampioen Highland Games

Pieter Karst Bouma fan Winsum is dit wykein wrâldkampioen wurden op de Highland Games yn Noarwegen. It ferskil mei de nûmer twa, de Belch Jimmy van de Walle, wie mar in heale punt.

De Highland Games wiene ferspraat oer twa dagen. Oan de ein fan de earste dei gie Bouma oan de lieding, mar snein sakke er earst werom nei it fjirde plak. Dêrnei wûn er it swiere-hammer-smiten mei 34, 66 meter, in nij Nederlânsk rekôr. Op it lêste ûnderdiel, beamstamsmiten, waard Bouma ek earste. Dêrmei stelde er it wrâldkampioenskip feilich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)