Bouma nei EK maraton yn Zürich

13 apr 2014 - 14:37

Hurdrinster Stefanie Bouma fan Drachten hat har snein by de maraton fan Rotterdam pleatst foar it EK maraton fan fan 't simmer yn Zürich. By de maraton fan Rotterdam klokte Bouma in tiid fan 2.37.54, wat goed genôch wie foar de kwalifikaasjelimyt foar de Nederlânske maratonploech.

Yn de ploech sit ek Andrea Deelstra fan atletykferiening AV Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)