Boukraan falt yn it wetter yn haven Lauwerseach

27 mrt 2016 - 17:53

In boukraan yn de haven fan Lauwerseach is sneintemoarn fuortsakke en yn it wetter bedarre. Dat meldt RTV Noord. De kraan wie yn gebrûk foar de ferlinging fan de oerslachkade, dy't it havenbedriuw fan Lauwerseach op it stuit útfiert. Troch noch ûnbekende oarsaak is der in soad sân fuortspield by de kade, wêrtroch de kraan fersakke en yn it wetter foel. By leechwetter sil er wer optild wurde.

Neffens in wurdfierder fan it havenbedriuw kin de kraan as ferlern beskôge wurde. Hy tinkt net dat der in soad fertraging fan it wurk wêze sil troch it ynsidint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)