Bougrûn Opsterlân goedkeaper

27 nov 2012 - 21:16

Boukavels yn Opsterlân wurde mei 2% yn priis ferlege. Dat is om de BTW-ferheging fan 19 nei 21% te kompensearen. De maatregel is bedoeld om keapers oer de streek te heljen. Op dit stuit hat Opsterlân 21 boukavels foar huzen te keap, yn Oerterp, De Gordyk, De Tynje, Wynjewâld, Lippenhuzen en De Himrik. Dêrnjonken is der ek noch grûn op bedriuweterreinen te keap. De net-ferkochte boukavels betsjutte noch gjin grutte ferliespost foar Opsterlân, seit wethâlder Van Dyk, omdat de gemeente net ynvesteard hat yn it bouryp meitsjen fan de grûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)