Bouflaters gemeentehûs Kollum

13 maaie 2011 - 09:54

De arsjitekt, de oannimmer en de gemeente Kollumerlân lûke mei-elkoar 185.000 euro út foar it oplossen fan boumissers yn it nije gemeentehûs yn Kollum. Troch dy flaters lekt it bygelyks yn de riedseal. It dak wurdt dêrom skoarre mei swiere peallen.

Neffens boargemaster Bilker is it unyk dat de arsjitekt sels sein hat dat er meibetelje wol oan it ferhelpen fan de flaters. Der wurdt sa gau mooglik begûn mei it wurk yn it gemeentehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)