Bouflater Winkelsintrum Bilgaard

31 okt 2006 - 17:10

Winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert is ôfbaarnd troch in flater yn de bou. It winkelsintrum is net neffens de fergunning boud. Dêrtroch koe it fjoer him maklik ferspriede. Dat docht bliken út in ûnôfhinklik ûndersyk. By in lettere ferbouwing yn 1990 binne ek flaters makke. De brânwacht hat neffens it ûndersyk gjin flaters makke. De gemeente Ljouwert makket in list mei mear mooglik brânûnfeilige gebouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)