Bouflater: plaat falt fan gevel

23 nov 2006 - 13:30

In bouflater wie nei alle gedachten de oarsaak fan in fallende gevelplaat, ferline jier yn Snits. Dêrby rekke in frou ferwûne. Dat stiet yn in rapport fan de Undersyksried foar Feiligens. De plaat klettere fan in drogisterij yn 'e Kruizebroedersstrjitte.

De Undersyksried smyt it op in kommunikaasjeflater tusken ûntwerper en útfierder. De minister fan VROM en de brânsjeferienings moatte maatregels nimme, is it advys fan de ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)