Boufakkers wer oan it wurk

03 maaie 2002 - 00:00

De boufakkers yn Fryslân binne freed wer út ein set mei it wurk. De staking foar de nije bou-cao hat sân wiken duorre. Yn de nacht fan woansdei op tongersdei waard einliks in akkoart sletten. Om't it te let wie om alle stakende boufakkers yn te ljochtsjen, waard freed pas wer wurke. De feriening Eigen Huis hat de boubedriuwen warskôge dat it wurk net ôfraffele wurde mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)