Boufakkers plantsje FC Grins-flage op nije hûs fan Klompe

24 apr 2015 - 21:53

SC Hearrenfean-assistint trainer Tieme Klompe stiet in ferrassing te wachtsjen by syn nije wenning yn Eelderwolde, meldt RTV Noard. Meiwurkers fan boubedriuw Notebomer yn Lutjegast hawwe in FC Grins-flage op it dak setten. De grap is betocht troch Kor Renkema fan itselde boubedriuw: Hy wie út op wraak.

Klompe hie foar de grap sein dat Renkema syn FC Grins faantsje út de auto helje moast, mar dat die Renkema net: yn stee dêrfan pleatste er in grutte flage op it dak. Klompe sels hat noch net by syn nije hûs west om de flage te besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)