Boufakkers ferwûne troch skot

24 nov 2011 - 14:16

Twa boufakkers út Gytsjerk en Hallum binne woansdeitemiddei ferwûne rekke doe't in pistoal dat se by sloopwurk yn Grins fûnen, ôfgie. De mannen fan 23 en 46 jier woene it pistoal ûntlade doe't it ûnferwachts ôfgie.

De kûgel ferwûne de iene man oan de hân en de oare oan de skonk. Beide manlju binne yn it sikehûs behannele. De plysje ûndersiket wer't it wapen weikomt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)