Boufakker komt om by wurk

29 nov 2007 - 11:30
  • Dit is it plak dêr't it ûngelok bard is

In 22-jierrige meiwurker fan in bedriuw út de Gordyk is woansdeitemoarn om it libben kommen by in bedriuwsûngelok yn Assen. De man wie oan it wurk yn in wenning yn oanbou. Doe't der betonnen flierplaten ferskood waarden, foel ien fan de binnenmuorren om.

De man kaam ûnder twa betonplaten en de omfallen muorre telâne. Hy is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De arbeidsynspeksje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)