Boufakker fynt geweer by sloopwurk yn sylskoalle

28 sep 2015 - 11:16
  • It geweer lei ferside yn in dakkapel
  • It geweer siet yn dizze krante út 1935

"Dat wie wol even skrikken. Sa'n geweer fan hast in meter lang fine je net gau." Dat sei Klaas Brandsma fan timmerbedriuw Brandsma. Hy fûn moandeitemoarn yn sylskoalle De Pean yn Akkrum in geweer. Dat siet achter de betimmering. It sjitark kaam foar it ljocht by de sloop fan in dakkapel. De loop wie berôle yn in krante út 1935.

Hokker soart geweer oft it is, is noch net dúdlik. De pleats dêr't de sylskoalle yn sit, is boud yn 1920.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)