Bouboeren moatte skea betelje

18 aug 2004 - 15:53

Bouboeren mei skea troch de swiere reinbuien fan ferline wike, draaie dêr sels foar op. De boeren koene har sûnt begjin dit jier fersekerje foar wetterskea, mar de measten ha dat oant no ta net dien. Neffens it kabinet giet it dêrom om ûndernimmersrisiko.

Foar boeren yn Noardwest-Fryslân kin de skea grutter wurde. Trochdat it lân ûnderstrûpte kin it gewaaks besmet wêze mei brúnrot. De plantesyktekundige tsjinst docht hjir ûndersyk nei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)