Bouboeren liede de needklok

10 aug 2002 - 00:00

Nei Dongeradiel driigje no ek by 20 bouboeren yn Noardwest-Fryslân de jirpels te fersûpen troch de slimme reinbuien. Under oaren yn Rie, Minnertsgea, Slappeterp en Berltsum sitte de bouboeren yn 'e problemen.

Guon boeren ha de lêste tsien dagen al 240 mm wetter oer har lân hinne krigen. Troch ekstra greppels te graven besykje de boeren it wetter ôf te fieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)