Bouboeren foar op skema

30 mrt 2011 - 20:28

De bouboeren lizze op it stuit trije wiken foar op it normale skema. In grut part fan de gewaaksen sit al yn de grûn. Troch it droege waar fan de ôfrûne wiken kin de grûn maklik bewurke wurde. De grûn is wol droech, mar dêrtroch goed te bewurkjen en maklik te beriden.

Neffens lânbou-organisaasje LTO binne de boeren dan ek mear as tefreden oer de gong fan saken. Se kleie net, behalve dan dat se hast wol in pear buien brûke kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)