Boubedriuw lulk op gemeente

01 mrt 2006 - 22:33

It boubedriuw Tadema BV yn Ljouwert is lulk op de gemeente Ljouwert fanwege it weromfoarderjen fan de boukavels yn de wyk Súderbuorren. Neffens it gemeentebestjoer hat it boubedriuw Tasta, dat ûnderdiel is fan Tadema BV, noch net in hûs ferkocht op de kavels yn de nijbouwwyk en wol dêrom de kavels werom ha.

It boubedriuw begrypt neat fan dizze beskuldiging. Sy sizze dat al goed 70 prosint fan de kavels ferkocht is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)