Boubedriuw leveret ek enerzjy yn Ljouwerter iishal

16 sep 2015 - 12:39
  • De Elfstedenhal

Bougroep Dijkstra Draisma bliuwt de kommende 25 jier ferantwurdlik as enerzjyleveransier foar de Ljouwerter iishal. It bedriuw fersoarge de nijbou fan de hal. Troch ynnovative maatregels hat it bedriuw in grutte besparring realisearre. Troch it brûken fan saneamd stoartgas en 500 sinnepanielen op it dak wurdt no al sa'n 99 prosint gas en 50 prosint oan elektrisiteit besparre yn de iishal.

Dijkstra Draisma bliuwt ferantwurlik foar de enerzjy yn it gebou. As de kosten omheech geane, draait it boubedriuw foar it finansjele risiko op.

Neffens direkteur Biense Dijkstra is de útwreiding nei enerzjyleveransier de takomst fan boubedriuwen. De Ljouwerter iishal is al it tredde dêr't Dijkstra Draisma as in saneamde Energy Service Company optreedt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)