Boubedriuw De Wadden fallyt

06 okt 2010 - 12:56

Boubedriuw De Wadden yn Harns is tiisdei fallyt ferklearre. Dêrby ha fyftjin minsken dien krigen. It fallisemint is neffens it bedriuw it gefolch fan de krisis en in behoarlik ferlies op in bouprojekt op It Amelân.

Om de kosten net fierder oprinne te litten, is it fallisemint oanfrege. Der wurdt no ynset op in trochstart en dan kin nei alle gedachten ek elkenien dy't no dien krigen hat wer oan de slach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)