Boubedriuw Burggraaf fallyt

20 jun 2011 - 11:16
  • Burggraaff yn Ljouwert (foto's: Omrop Fryslân)

Bou-ûndernimming Burggraaff yn Ljouwert freget it fallisemint oan. Dat hat it personiel moandeitemoarn te hearren krige, meldt fakbûn CNV. By it bedriuw wurkje sechstich minsken.

De ûndernimming sit al langere tiid yn swier waar. Sûnt in skoft is gjin lean en fakânsjejild mear útbetelle of te let. Yn maaie is it eigen betonfabryk ek al fallyt ferklearre. Foar de oare twa ûnderdielen, Burggraaff Bouw en Timmerfabriken, wurdt it fallisemint no ek oanfrege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)