Boubedriuw Albada fallyt

22 aug 2012 - 11:15

Boubedriuw Albada út Starum is fallyt. It famyljebedriuw bestiet al goed hûndert jier, mar de beide direkteuren sjogge no gjin takomst mear. Se ha sels it fallisemint oanfrege. De oarsaak fan de problemen by it bedriuw is de krisis yn de bou. Dêrtroch moat tsjin te skerpe priis wurke wurde. Neffens kurator Brink, dy't it fallisemint ôfhannelet, is de kâns op in trochstart grut. Der binne gjin skulden en foar de kommende 8 wiken is der noch wurk. By Albada wurkje, neist de twa direkteuren noch 6 meiwurkers.

By in trochstart sil in part fan de meiwurkers net werom komme kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)