'Bou yn doarpen net stopsette'

31 jan 2010 - 09:45

De gemeenteriedsfraksje fan de PvdA yn Opsterlân freget him ôf oft it stopsetten fan bouprojekten troch wenningboukorporaasje WoonFriesland ek gefolgen hat foar de doarpen yn Opsterlân.

WoonFriesland lûkt him werom út grutte bouprojekten, omdat se der gjin jild mear foar hawwe. De PvdA yn Opsterlân wol witte wat dat foar de gemeente betsjut. De partij fynt it wichtich dat ynvestearrings yn de wenningbou yn de doarpen trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)