Bou wurk- en wenprojekt 'Hart van Kollum' úteinset

19 aug 2015 - 12:47

Kliïnten fan Talant hawwe woansdeitemoarn it startskot jûn foar de bou fan harren takomstich wurk- en wenplak yn Kollum. Achter it âlde gemeentehûs yn it doarp wurde 30 apparteminten boud. Ek it statige Huize Sytzama sels wurdt hielendal renovearre.

Jierrenlang wie dit foar projektûntwikkelers in stroffelstien. Projektûntwikkeler Tom Genee doart it wol oan, al wit hy noch net wat foar ynfolling oan it gebou jûn wurdt. Yn maart moat it folsleine projekt 'Hart van Kollum' klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)