Bou wol stipe Noardlike oerheid

27 maaie 2003 - 00:00

De oerheid moat de boubedriuwen yn it Noarden stypje troch se opdrachten te jaan. Dêr fierden de fakbûnen, wurknimmers en wurkjouwers tiisdei aksje foar yn Ljouwert.

Op dy wize moat in ein makke wurde oan de stream ûntslaggen en fallisseminten yn de bou. Om dy eask krêft by te setten teagen inkele hûnderten minsken tiisdei yn kolonne fan Assen nei Grins en dêrnei fan Grins nei Ljouwert dêr't de aksje ôfsletten waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)