Bou wetterkampus kin begjinne

20 okt 2010 - 12:22

De bou fan in wetterkampus yn Ljouwert kin ein 2012 begjinne. Dat tinkt wethâlder Deinum no't in rykssubsydzje fan 6 miljoen euro sa goed as wis takend wurdt. Dêrmei is ek in Europeeske subsydzje fan 2,5 miljoen euro wis.

Yn it kampusgebou komme bedriuwen en ynstellings dy't har dwaande hâlde mei wettertechnology. Ek bedriuwen ynvestearje yn de kampus. Yn 2014 moat de earste faze fan de wetterkampus klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)