Bou wenwyk Súdlannen is begûn

05 mrt 2007 - 10:20
  • Techum wurdt bouryp makke

De bou fan de wenwyk Súdlannen yn Ljouwert kin mooglik noch stopset wurde. Moandei is begûn mei it wurk oan it earste part by it buorskip Techum. Der moatte 6500 huzen komme.

Der rinne noch hieltyd prosedueres tsjin it plan. Goutumers ha beswier tsjin de nije wyk yn har achtertún. De gemeente hat dêrom in ferklearring fan gjin beswier ôfjûn foar de earste bouwurksumheden. Fan de earste 103 huzen is 70 prosint al ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)