Bou wenwyk Ludinga leit stil

22 apr 2010 - 12:30
  • It plak dêr't de nije wyk fiif jier lyn boud waard (foto: Omrop Fryslân)

Troch in konflikt tusken de gemeente en de projektûntwikkelder leit de bou fan 'e nije wyk Ludinga yn Harns al jierren stil. De bou fan 'e súdlike wyk begûn fiif ferlyn.

Projektûntwikkelder Klaver hie fan 'e doedestiidske boargemaster Arlman de tasizzing krige dat er alle nije bouprojekten yn Harns dwaan mocht. Mar de nije boargemaster Scheffer wist fan neat en woe de ôfspraak net neikomme. De buertferiening hat sa stadichoan behoarlik syn nocht fan 'e ympasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)