Bou VVV Amelân leit stil

17 nov 2000 - 15:33

De bou fan it nije VVV-kantoar op It Amelân leit stil nei in útspraak fan de rjochtbank yn Ljouwert. Ien fan de omwenners tekene beswier oan. De rjochter fynt no dat Deputearre Steaten de 'ferklearring fan gjin beswier' earst better motivearje moat.

Oant dy tiid leit de nijbou stil en dat is in streek troch de rekken fan it VVV dat grut ferlet hat fan it nije gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)