Bou Volmawei Grou opnij besjen

28 jan 2011 - 11:47

De gemeente Boarnsterhim moat de bouplannen oan 'e Volmawei yn Grou opnij besjen. Dat fynt de FNP-fraksje yn 'e gemeente. Op it plak by de Pikmar komme apparteminten en winkels. De FNP fynt de nije bebouwing te massyf en heech. De omwenners fine dat ek. Yn 'e bouplannen is sprake fan in hichte fan 12 oant 14 meter.

De FNP wol dat de gemeente mei Pleatslik Belang en de omwenners praat oer de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)