Bou útsjochtoer Berltsum los

08 maaie 2008 - 13:03

Yn Berltsum is tongersdei in begjin makke mei de bou fan in útsjochtoer. Dy komt by it nijbouplan ´Hemmema´. Dat is oan de noardeastkant fan it doarp. Om it nijbouplan hinne is de lêste jierren al in park oanlein, mei wetterpartijen en fytspaden.

De útsjochtoer soe al moannen earder boud wurde, mar de waarsomstannichheden wiene hieltyd net goed. De toer is makke fan hurdhout. It útsjochpunt komt op sawat 10 meter hichte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)