Bou Thialf giet troch

05 jun 2013 - 21:52

De provinsje giet troch mei de nijbou fan iisstadion Thialf, ek al hawwe de KNSB en NOC*NSF noch gjin dúdlikens jûn oer de topsportstatus. In grutte mearderheid yn Provinsjale Steaten wol sa gau as mooglik de earste peal de grûn yn slaan. De 50 miljoen euro dy't dêrfoar nedich is, wolle de steaten beskikber stelle, ek al is it lang net wis hoe't de eksploitaasje der yn de takomst út komt te sjen. As Thialf net de topsportstatus krijt, dan kostet dat op jierbasis foarearst twa ton yn it jier, sa hat de provinsje besifere.

Dat binne de ynkomsten dy't oars út in toptoernoai en trainingsoeren fan topreedriders binnen komme. Koälysjepartijen PvdA, CDA en FNP plus deputearre Hans Konst tinke lykwols dat Thialf ek sûnder topsportstatus 'swarte sifers' draaie kin. It definitive beslút oer it beskikber stellen fan 50 miljoen euro foar de nijbou fan Thialf nimme de steaten op 26 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)