Bou supermerken yn Frjentsjer

12 mrt 2013 - 11:19
  • Sloop stasjonsgebou Ljouwerterdyk Frjentsjer

Yn Frjentsjer begjint ynkoarten de bou fan twa supermerken oan de Ljouwerterwei. It giet dan om in Albert Heijn en in Lidl. It âlde stasjonsgebou oan de Ljouwerterdyk sloopt wurde foardat de bou begjinne kin.

Eins mochten supermerken allinnich binnen de stedsgrêften sitte, mar úteinlik joech de gemeenteried dochs tastimming foar twa supers bûten de grêften. Dêrneist gong oannimmer Burggraaff fallyt. Dijkstra Draisma naam de wurksumheden úteinlik oer. De supermerken moatte foar de kryst iepen. Dan is ek de Ljouwerterdyk oanpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)