Bou supermerk foar rjochter

26 des 2005 - 15:55

De saak oer de boufergunning foar in nije supermerk yn Holwert tsjinnet op 5 jannewaris foar de bestjoersrjochter yn Ljouwert. In stikmannich omwenjenden binne der poer op tsjin dat de nije winkel der komt. Se fine dat de supermerk te heech wurdt en wolle dat dy op in oar plak komt te stean.

It skeel om de supermerk ferdielt it doarp. Der is ek in groep ynwenners oan de gong mei in aksje om de bou troch te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)