Bou sûkereimuseum set út ein

22 sep 2006 - 17:38

De bou fan in sûkereimuseum yn De Wâlden set meikoarten út ein. It museum komt oan de Trekwei yn Damwâld. Dêr wurde in fabryksgebou en trije Wâldhúskes delset. Op it terrein is te sjen hoe't de bou en de ferwurking eartyds yn syn wurk gie. Fan de woartels fan de sûkerei waard surrogaatkofje makke. De tylt wie benammen yn De Wâlden populêr omdat der in soad wurkleazens wie. It nije museum kostet 1 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)