Bou Suderhaven Harns stillein

01 jun 2006 - 18:01

De bou fan in wenningblok oan de Suderhaven yn Harns is stillein. Yn it gebou op it eardere terrein fan skips- helling Welgelegen komme sân wenten.

Keunstner Jan Roos út de havenstêd hat beswier makke tsjin it tsien meter hege pân. Hy soe syn útsjoch kwyt reitsje. Healwei juny docht de rjochter útspraak oer de boufergunning. It wurk oan de oare appartementen yn de Harnser Suderhaven giet gewoan troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)