Bou strânpaviljoen leit stil

21 apr 2010 - 12:57

De bou fan it strânpaviljoen oan de Lemster Baai bliuwt foarearst stillizzen. Inisjatyfnimmer Vaartjes hat de gemeente sein net fierder te gean mei it plan om't der problemen binne mei de finansiering.

Ferline jier is begûn mei de bou fan it strânpaviljoen mei swimbad by De Lemmer. De gemeente hopet dat it paviljoen der dochs komt. De bou moast yn septimber stillein wurde fanwege it stoarmseizoen. Yn april soe oars wer begûn wurde mei de bou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)