Bou Stayokay Hostel yn Snits

27 okt 2006 - 15:33

Yn Snits is freed út ein set mei de bou fan in nij Stayokay Hostel. Earder waarden dy hostels jeugdherbergen neamd. It nije hostel kostet noch gjin fiif miljoen euro en komt oan de Houkesleat.

Opdrachtjouwer is de stifting Oer 't Hout Beheer, dy't al hostels hat yn Grou en Heech. Koartlyn is de stifting fusearre mei herberch Wigledam yn Snits. Se ha no besletten ta nijbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)