Bou Sportstêd set útein

17 jan 2003 - 00:00

De plannen foar Sportstad Heerenveen geane troch. Dat is freed bekendmakke. Brussel moat noch 'grien ljocht' jaan, mar de projektgroep tinkt dat dat binnen twa moannen komt om't it plan ek in publike funksje hat.

Sportstêd is in klustering fan sport-, sûnens- en ûnderwiisfoarsjennings by it Abe Lenstrastadion. It ryk jout minder jild, fan de 9,7 miljoen euro bliuwt acht miljoen oer. Dêrom moatte de boukosten leger holden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)