Bou skoalle Wergea leit stil

12 des 2013 - 14:37
  • De âlde skoalle dy't sloopt is

Boubedriuw Delfsma út Aldeholtpea hat it fallisemint oanfrege. By it bedriuw wurkje sân minsken. It fallisemint is oanfrege omdat de bank de rekkens blokkeard hat. Dêrtroch koene de salarissen en rekkens net mear betelle wurde.

Troch it fallisemint leit ek de nijbou fan basisskoalle de Twamêster yn Wergea stil. De skoalle soe ein jannewaris ferhúzje. Yn it geunstichste gefal giet de bou oer acht wike wer fierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)