Bou skoalle Langwar giet los

11 okt 2013 - 18:14
  • In feestlike presintaasje fan it ûntwerp fan de nije skoalle

Nei jierren fan praten kin de bou fan de nije skoalle yn Langwar los. De nije skoalle wurdt in kombinaasje mei in soarchkompleks fan Maeykehiem. It ûntwerp waard freedtemiddei presintearre. It giet om in projekt fan de gemeente, de provinsje, Maeykehiem, de skoalle en de wenningboukorporaasje. De nije skoalle en it soarchsintrum moatte oer in jier klear wêze. Yn it soarchsintrum is plak foar 27 minsken mei in beheining.

Beide gebouwen komme oan de râne fan it doarp te stean. Wat der mei it âlde skoalgebou yn it doarp bart, is noch ûnbekend.

Oer in pear wike fynt de oanbesteging plak. Oannimmers út de regio binne oanskreaun om mei te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)