Bou sintrum It Amelân kin los

04 sep 2007 - 17:31

Yn Nes op It Amelân kin de skeppe de grûn yn foar in nij kennis- en ynnovaasjesintrum. It nije museum mei see-akwarium komt op it plak fan it natuersintrum. Der is jierren oan 'e plannen wurke.

Omwenners hawwe de bou foar de rjochter oanfochten. Se fine de toer fan 30 meter te heech. Hy past net yn it lânskip. De rjochter hat de beswiermakkers gjin gelyk jûn, sa hat no bliken dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)