Bou seaddehûs úteinset

07 sep 2012 - 17:09

De replika fan in 8ste ieusk seaddehûs by Furdgum begjint foarm te krijen. Yn de ôfrûne wiken is it fûnemint dellein en dizze wike is úteinset mei de bou fan de bûtenmuorren. Mei 26 frijwilligers wurdt it histoaryske bouwurk delset. Seaddehuzen wiene yn de iere midsieuwen de wichtichste boufoarm yn Noard-Europa.

It seaddehûs is in projekt fan archeolooch Daniël Postma. Hy is dwaande mei in promoasje-ûndersyk nei seaddehuzen.

It bouwurk moat de nije attraksje wurde foar it Yeb Hettinga Museum. It is de bedoeling dat it gebou sa'n 10 oant 20 jier yn Furdgum stean bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)