Bou Riedhúsplein úteinset

11 jan 2012 - 22:25

Mei in protte kabaal en feestlikheden is woansdei de bou fan it Riedhúsplein yn Drachten úteinset. De ynvestearring fan hast 100 miljoen euro hat lang op him wachtsje litten. Dat kaam foar in part omdat de projektûntwikkeler de saak finansjeel net rûn krije koe. Op it plak fan it âlde plein moatte ûnder oare 170 nije huzen komme.

Guon winkelju oan it plein binne benaud foar noch in pear jier minder ynkomsten. Sy wolle de gemeente no om in skeafergoeding freegje. De gemeente hat dy oanfraach yn behanneling en tinkt oer in pear moanne dúdlikheid te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)